icon-phone arrow icon-search mail pinterest google-plus facebook instagram twitter youtube linkedin

Toanielspilers De Trochsetters spylje kluchtich stik Simmerdepresje

25 nov 2015

Al sûnt septimber binne De Trochsetters, ûnder lieding fan Folkert Visser, dwaande it spyljen en de tekst fan it kluchtich blijspul Simmerdepresje fan Froukje Annema ûnder de knibbel te krijen.

Oer it stik:
Willem en Hanny binne de eigeners fan Hotel-Café-Restaurant “Au bord du lac”. It houlik fan dizze beide minsken sit wat yn 'swier waar'. Dit komt mei troch de strieminne simmer. Hjirtroch is d'r net ien keamer beset. Mar dan komt de skoanmem fan Willem mei trije freondinnen.

Sy wolle de hiele wike bliuwe. Willem kin it bloed fan syn skoanmem wol drinke en ek de freondinnen hâldt hy op ôfstân. Richtsje, de help, kin goed mei Willem, mar sy en Hanny binne fjoer en wetter. Dan komt ek noch de hear Jansma om in keamer te hieren. Sadwaande binne der no ynienen al fiif keamers beset.

Dit stiet Willem wol oan, mar is dat allegearre wol sa moai as it liket? Wêrom komt de mem fan Hanny mei har freondinnen en net mei har man? Hoe’t dit allegear ôfrint kinne jim sjen op de útfieringsjûnen fan De Trochsetters.

 

De Trochsetters hawwe alle jierren in protte sukses yn Surhústerfean. It liket no ek wer de muoite wurdich te wezen, om op sneon 6 febrewaris, sneon 13 febrewaris of sneon 20 febrewaris ien fan de toanieljûnen fan de Feanster ploech te besykjen yn de bekende seal fan Brasserie Kolkzicht yn it sintrum fan Surhústerfean.
It begjint om 20.15 oere. It is wis dat er hiel wat ôflake wurde kin. Kaarten binne yn it foar te krijen by Primera It Hoekje op De Kolk en by Schippers op Torenplein. De kaarten binne fanôf heal jannewaris te krijen. Ek is der op sneontemiddei 6 febrewaris in spesjale útfiering foar alle 50+ers fan Achtkarspelen. Dizze útfiering begjint om 14.00 oere. Kaarten oan’e seal.

“Surhuisterveen, zo gezellig is er maar 1! Hier ben ik het helemaal mee eens. Surhuisterveen kent een uitmuntend ondernemersklimaat, veel levendigheid en een comfortabel leefklimaat. Ik onderneem en woon dan ook graag in Surhuisterveen.”

Wieger van der Velde - De Flexibele Makelaar

“Surhuisterveen heeft veel te bieden. Naast een gevarieerd horeca- en winkelaanbod, staat Surhuisterveen ook bekend om topsportevenementen als ‘De Profronde’ en de ‘Centrumcross’.”

Ytzen Borger - Borger Tegels & Sanitair

“Super actieve ondernemers. Leuke activiteiten en plezierige winkelstraat. Ook op andere vlakken een dorp dat leeft.”

Pieter Nicolai - via Facebook